Noed oer plestik kerrels fan MSC Zoe: wat is mooglik foar it briedseizoen?

28 nov 2019 - 13:15

Saakkundigen sille mei de gemeente Skiermûntseach en Natuurmonumenten sjen hokker metoades it bêste wurkje om de lêste plestik kerrels op te romjen dy't troch de ramp mei de MSC Zoe op it eilân bedarre binne. Dat hat minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat tongersdei tasein oan Twadde Keamerleden yn in kommisjegearkomste.

In grut ferskaat oan partijen, wêrûnder GroenLinks, D66 en de ChristenUnie, hawwe by de minister oantrune op aksje foar't it briedseizoen wer úteinset en der net mear oeral op it eilân opromme wurde kin. Ek de minister wol sjen 'wat we kunnen doen voordat het broedseizoen start'.

Soad kerrels yn dunen

Neffens Natuurmonumenten is yn maart al sa'n 70 persint fan de kerrels opromme. Mar der leit noch sa'n 30 persint, benammen ticht tsjin de dunen oan. Ferline wike kaam in ûndersyk nei bûten wêrút bliken die wêr't sy it meast lizze. As gemeenten noch ekstra kosten meitsje moatte, joech Van Nieuwenhuizen oan dat it skealoket iepen bliuwt om dêr oer te bemiddeljen.

Minister sjit jild foar

De minister hat no de finansjele skea foarsketten fan de gemeenten yn ôfwachting fan betelling troch reder MSC Zoe. De ûnderhannelingen mei de reder rinne noch. "Ik denk dat we daar nog wel een paar maanden mee bezig zijn", seit Van Nieuwenhuizen. It liket derop dat gemeenten dy't no wer ekstra kosten meitsje moatte net perfoarst hoege te wachtsjen op de útkomst fan dy ûnderhannelingen: de minister liket ree om ek dan wer jild foar te sjitten.

Minister Cora van Nieuwenhuizen

Suzanne Kröger (GrienLinks) wol in spoedoerlis

Bliuwt de farrûte?

In oare fraach fan de Twadde Keamer om de súdlike farrûte dêr't de MSC Zoe gebrûk fan makke oer de Noardsee út foarsoarch te sluten foar grutte kontenerskippen, late net ta in tasizzing fan de minister. Neffens D66 hat de minister dêrta no al in wetlik foech. Dy seit lykwols dat soks ynternasjonaal regele wurde moat en dat sy dêrfoar de útkomsten nedich hat fan it ûndersyk fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid en mooglik it ûndersyk fan Panama omdat it skip ûnder de flagge fan Panama fart.

Sy krige dêrfoar stipe fan har eigen VVD. Wol komt der noch in brief wêryn't sy útleit wat der al of net mooglik is.

(advertinsje)
(advertinsje)