Boeren yn polder Hegewarren ûnwis oer takomst: "We willen duidelijkheid"

28 nov 2019 - 12:44

Bewenners fan de polder Hegewarren krije foarearst noch gjin antwurd op de fraach oft sy yn de polder by De Feanhoop wenjen bliuwe kinne. Provinsjale Steaten hawwe besletten dat der noch in ûndersyk komt nei de mooglikheden mei de polder. Ien fan de opsjes is dat dy ûnder wetter setten wurdt.

De útkomsten fan it ûndersyk wurde oer in jier ferwachte en oant dy tiid sitte de bewenners dus noch yn ûnwissens.

Neffens ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens freget it ûndersyk in soad soarchfâldigens. "Ook wat betreft de financiële uitwerking van verschillende scenario's, het sluiten van overeenkomsten en het in gesprek gaan met allerlei partijen, van bewoners en recreanten tot natuurorganisaties."

Buorkje yn de Hegewarren

Yn de Hegewarren wenje Joke Breembroek en har soan Anton Oosterhof. Pake en beppe binne ea úteinset mei de pleats, en Anton hopet de buorkerij úteinlik wer oer te nimmen. Dochs is dat wol dreech, no't it sa ûnwis is wat der mei de polder barre sil.

Joke Breembroek en Anton Oosterhof - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Joke Breembroek: "Dat is op dit moment heel vervelend, je weet niet wat je moet doen. Wij hebben besloten de knop om te zetten en door te gaan, dus een nieuwe stal, zonnepanelen en verduurzamen. We gaan volle kracht vooruit. De oude stal moet nodig vernieuwd worden, de offertes liggen er al en de bank wil er in meegaan."

"We willen graag duidelijkheid"

Dochs sjocht Joke wol dat it ek oars rinne kin. "Ik denk dat wij als boeren al aan hebben gegeven dat we ook weggaan als de gemeenschap dat wil. We zien ook dat er veel opgaven liggen. Maar één ding, we willen graag duidelijkheid. En het liefst zo snel mogelijk."

Hegewarren - Foto: Provinsje Fryslân

Har soan Anton tinkt der ek sa oer: "We zijn niet achterlijk, we zien wel wat er gebeurt. Stikstof, veenweidevisie, het komt allemaal op ons bordje. Dat zijn we liever kwijt dan rijk." Mar dúdlikens is der dus noch net, oft it foar de famylje duorsum trochbuorkje of ferhûzje wurdt.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Joke en Anton yn de Hegewarren

(advertinsje)
(advertinsje)