'Histoaryske TomTom' út Fryslân ek brûkt foar oare wittenskiplike gebieten

It HisGIS-projekt fan de Fryske Akademy is in soarte histoaryske TomTom, dêr't ynformaasje út it ferline keppele wurde kin oan nije digitale kaarten. Tenei sil de Fryske Akademy oparbeidzje mei de KNAW Humanities Cluser, in gearwurking fan it Meertens Instituut, it Huygens ING en it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis (IISG).
HisGIS kombinearret âlde en digitale kaarten om Harns hinne © Fryske Akademy
Prof. dr. Hans Mol fan de Akademy foarmet tegearre mei Thomas Vermaut fan de Cluster in 'geo-team' foar de kommende trije jier.

Data ferlykje yn tiid en romte

Ynhâldlik rinne de ynstellingen wol útinoar: it IISG docht ûndersyk nei sosjale en ekonomyske skiednis, it Huygens ING sjocht nei Nederlânske skiednis, letterkunde en wittenskip en it Meertens Instituut docht ûndersyk nei taal en kultuer. Wat de organisaasjes wól mienskiplik hawwe is dat sy mei in soad ûndersyksdata wurkje en in skat oan ynformaasje oer allerhanne saken hawwe.
It nije Geo-team moat tools bouwe om geografyske gegevens lykas grinzen en perselen sekuer sjen te litten op online kaarten. Mei dy nije 'histoaryske kaarten' kin lykwols noch folle mear dien wurde. Om't der by de ynstellingen in soad datasets binne kinne dy gegevens mei de HisGIS-kaarten moai ferlike wurde yn tiid en romte.

Grutte fraach nei fisualisaasje

Histoarikus Hans Mol en GIS-spesjalist Thomas Vermaut binne de driuwende krêften efter HisGIS. Mol wurdt detasjearre út de Fryske Akademy wei. Gertjan Filarski is as direkteur 'Digital Infrastructure' fan it KNAW Humanities Cluster entûsjast oer de gearwurking: "Binnen de Geesteswetenschappen en Sociale Wetenschappen is een grote vraag naar een betrouwbare infrastructuur om data geografisch in kaart te brengen en te visualiseren. Hans en Thomas brengen een enorme hoeveelheid kennis en expertise mee."

Wat is HisGIS?

HisGIS stiet foar histoarysk en geografysk ynformaasjesysteem. Eins kinne minsken mei de webside troch de tiid reizgje, en bygelyks harren eigen doarp opsykje yn 1832. Dan is der te finen hokker perselen der wiene, wa't de eigeners wiene, wat sy foar wurk diene en wêr't de grûn foar brûkt waard. It fûnemint is it âldste kadaster fan Nederlân, dat nei de Frânske tiid makke is.
De HisGIS-webside bestiet sûnt 2005 en is makke troch de Fryske Akademy. Fryslân rûn dêrmei foarop, mar der binne yntusken ek tal fan oare provinsjes en stêden te finen yn de digitale kaarten. Op termyn moat it systeem hiel Nederlân sjen litte kinne. Alle bestannen komme frij beskikber foar ûndersyk en dêr wurde ek ûnderskate 'Time Machines' mei makke.