Sykaksje op Noardsee: fermiste fiskkotter by Teksel mooglik lokalisearre

Op de Noardsee oan de westkant fan Teksel is in grutte sykaksje oan de gong nei in fiskkotter út Urk. De minejager Zr. Ms. Makkum fan de keninklike marine hat it skip nei alle gedachten lokalisearre, mar troch it minne waar dêr kinne dûkers it wetter net yn. Yn it gebiet wurdt noch socht nei de opfarrenden.
© Kustwacht Nederland
It fiskersskip ferstjoerde tongersdeitemoarn betiid in automatysk needsinjaal. Dit sinjaal kaam fan in needbeaken ôf dat yn wurking komt, as it mei wetter yn oanrekking komt, bygelyks as in skip sinkt. De kustwacht hat besocht kontakt te lizzen mei de bemanning, mar dat is net slagge.
De fermiste kotter is de UK-165 'Lummetje', dy't op garnalen fisket. Der binne twa minsken (41 en 27 jier) oan board en neffens de feriening fan kotterfiskers giet it om kundige fiskers. Kollega-fiskers en boaten fan de kustwacht, de KNRM en de marine sykje mei. Ek wurdt mei sonarapparatuer ûnder wetter socht. Boppedat wurde helikopters ynset. Ut de loft wei waard in leech rêdingsflot sjoen.