Mauritsskoalle yn Ljouwert hat de earste 'Tiny Forest' fan Fryslân

28 nov 2019 - 10:40

De Mauritsskoalle yn Ljouwert krijt de earste 'Tiny Forest' fan Fryslân. Dat is in miny-bosk op it skoalplein, dêr't bern boartsje én leare kinne. De natuer wurdt nei de basisskoalle ta lutsen.

Direkteur Antonio de Ruiter fan IKC Prins Maurits: "Wy hawwe in grut skoalplein, dat wolle wy goed ynrjochtsje. In Tiny Forest moat wol minimaal 200 kante meter wêze, dat hawwe wy grif. It moat in ûntdekplak wurde foar de bern om de natuer te belibjen, te fielen en te priuwen."

Mei wethâlder Van Gelder is de earste beam plante, it inisjatyf komt by IVN Natuureducatie wei. Direkteur De Ruiter: "Der komme 530 beammen yn de Tiny Forest." Mar ek strûkjes en lytse planten. "Wy binne de hiele dei dwaande mei de bern om de beammen te plantsjen. Der komme ek paden yn en der komt in bûtenlokaal. Ik gun de bern mear as in boek of ynternet om te learen. Gean der op út, bûten les docht wat mei it wolwêzen. Bewegend leare is goed foar de harsenûntwikkeling."

Bern helpe

De direkteur is tige grutsk op syn Tiny Forests, want hy wit net oft der oare foarbylden binne fan sa'n boskje op it eigen skoalplein. Boppedat helpe de bern ek mei om de bosk te ûnderhâlden.

Direkteur Antonio de Ruiter fan IKC Prins Maurits yn Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Bern holpen mei ûntwerp

De skoalbern fan IKC Prins Maurits hawwe in pear kear les krigen oer Tiny Forests. Sy hawwe elts en eigen plattegrûn makke en mochten dêr fan alles yntekenje: skommels, glydbanen en húskes. Mei in meiwurker fan de gemeente is dêrnei nei de ûntwerpen sjoen fan de bern.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei trije skoalbern oer harren pleinplannen

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
(advertinsje)
(advertinsje)