Wurdt ús nasjonale fûgel skries ek fûgel fan it jier?

28 nov 2019 - 10:01

De skries is al de nasjonale fûgel fan Nederlân, mar it bist makket ek kâns om fûgel fan it jier te wurden. De Friese Milieu Federatie, it Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW), Kening fan 'e Greide en It Fryske Gea sette harren der foar yn dat de fûgel de titel krijt.

In Skries - Foto: Flickr

Foarsitter Frans Kloosterman fan it BFVW

De ferkiezing foar fûgel fan it jier is opset troch Vogelbescherming Nederland en it BNNVARA-radioprogramma Vroege Vogels.

Foar foarsitter Frans Kloosterman fan it BFVW is it dúdlik dat de skries de titel fertsjinnet, en net allinnich omdat it de kening fan de greide is. "De fûgel briedt foar 85 prosint yn Nederlân, mar twa tredde dêrfan is ek nochris yn Fryslân. Dus it ding is tige wichtich foar ús. En natuerlik binne alle greidefûgels dat, mar we ha gewoan in hiel grutte ferantwurdlikheid foar dizze fûgel."

Neffens Kloosterman soe de titel in moaie stimulâns wêze foar it fuortbestean fan de fûgel. Der binne oant no ta fierstente min skriezepykjes by kommen en it oantal nimt ek hieltyd ôf. Dat hat neffens ûndersikers benammen te krijen mei it ferlies oan goed leefgebiet. "We moatte der gewoan net oan tinke dat er der net mear is. Hy heart gewoan by ús", seit Kloosterman.

Katten

Woansdei kaam in it nijs dat katten in grutte bedriging foarmje foar bisten yn de natuer en neffens Kloosterman is dat ek sa. Katten fermoardzje allinnich yn Nederlân alle jierren al sa'n 140 miljoen oare bisten, stelle ûndersikers. It BFVW docht dan ek de oprop om katten goed yn it each te hâlden yn it briedseizoen. "Albert van der Ploeg (foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden en bestjoerder by de LTO; red.) hat altyd sa'n moaie útspraak: 'Kuikens in het land, de poes in de mand'."

Stimme op de fûgel fan it jier kin noch oant en mei 1 desimber, fia de webside fan BNNVARA. Der kin stimd wurde op tolve ferskillende fûgels.

(advertinsje)
(advertinsje)