Kollum: "Underbroek"

28 nov 2019 - 08:32

"Oft de jonge fakkefollers fan Albert Heijn even yn harren ûnderbroek op 'e foto wolle, foar harren nije bedriuwsklean. Albert Heijn, mear as 10 miljard euro omset, hat in app meitsje litten, dy't de kleanmaten bepale kin op basis fan in foto fan it lichem. Mar dat moat dan al sa goed as neaken wêze. Dit is nijs fan ôfrûne moandei, mar ik krij it mar net út myn holle, safolle giet hjir mis, op sa'n basaal nivo.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Albert Heijn begie moandei fuortendaliks oan skeabeheining, dus der kaam in wurdfierder dy't it nuansearre. By de NOS sei dy bygelyks 'Dat is een misverstand', en yn it AD 'We zochten naar een manier om voor de 100.000 medewerkers in de winkel zo snel en goed mogelijk de maten te inventariseren', en dat der yn de kommunikaasje oer it projekt it ien en oar misgie, en 'Het spijt ons dat er verwarring is ontstaan'. Lit my dit even analysearje.

In misferstân. Yn de NRC seit de santjinjierrige Jochem de Haes, meiwurker fan in Appie yn Nijmegen, dat hy in poster hingjen seach yn de kantine, dêr't op stie dat se yn ûnderguod of nauslutende sportklean op 'e foto moasten. What the fuck, tocht hy. It is my net hielendal dúdlik wat hjir no it misferstân is. De wurdfierder foel de manager yn Nijmegen ôf troch te sizzen dat dy der te folle druk op setten hat. De 'rotte-appel-route' fan krisismanagement: net it hiele idee is mis, mar der sit ien nazy yn ús organisaasje dy't it allegearre fierstente serieus nommen hat.

Dan seit de wurdfierder dat se sa gau en goed mooglik de maten ha wolle fan 100.000 meiwurkers. En dit ûnderbroekeplan wie ûnderdiel fan dat idee. Even de maten freegje wie blykber te yngewikkeld. Hy seit dat se foarkomme woene dat se oars 'dus 100.000 mails' krije. De 'chaosroute' fan krisismanagement: net it idee is mis, mar as we dit net dogge dan stoart de hiele organisaasje mei razend geweld yn in ravyn, dat snapt in bern.

En dan, de kommunikaasje is misgien - dit fyn ik miskien noch de moaiste fan alles. De manager yn Nijmegen hie it ferkeard begrepen en dêrtroch is it misgien. Sizze dat der wat yn de kommunikaasje misgien is, is itselde as by alle ferkearsûngelokken de dyk de skuld jaan. En ja, soms is it de skuld fan de dyk dat der in ûngelok plak fynt, mar yn in protte gefallen leit it dochs echt oan wat oars. De 'afleidingsroute' fan krisismanagement, en dizze útlis stiet mei stip op ien as saneamde oarsaak.

En dan dizze wûnderlike sin 'Het spijt ons dat er verwarring is ontstaan'. Ik ha in allergy ûntwikkele foar dizze sin, om't er net útdrukt dat se spyt ha fan wat der bard is, en dus ferantwurdlikheid nimme. Mar se ha spyt fan dat der betizing ûntstien is, eat wat je harren nea kwea ôfnimme kinne, want betizing, dat ûntstiet by de oar. In foarm fan 'spyt' sûnder oanspraaklikens.

De steapel mei 'drogredenaties' is hjir hiel bysûnder. Alles om de clusterfuck te bedekken; dat dit idee wie om foto's fan healneaken meiwurkers, foar in belangryk diel jonges en famkes fan in jier as sechstjin, santjin, te meitsjen, op te stjoeren en yn in database te setten. 'Dit was toch een minder goed idee', wiene de meast betsjuttingsfolle wurden fan de wurdfierder.

Dit wie gjin fout yn de kommunikaasje, dit wie in kollektive harsensskeet by AH. Fan betinker fan it idee, fia in hânfol meiwurkers, oant de ûntwikkelders fan de app ta. Hjir is fansels tolve kear oer fergadere, hjir binne notysjeblokken fol oer skreaun en hjir binne oeren en oeren oan oerlis in sitten gien, oant dy fan de wurdfierder oan ta.

Se ha mekoar de earen fan de holle luld, mar net ien dy't no ris lústere en neitocht. We binne yn dit lân o sa goed yn it realisearjen fan oplossingen, dêr't we it probleem noch by sykje moatte. We rjochtsje nije omroppen op omdat Swarte Pyt net mear by de NPO te sjen is; en dêr eamelje en eamelje we dêrnei noch einleas oer fierder. Gjin fjouwerkante meter yn dit lân dêr'tst net in klok hearre kinst, mar freegje net wêr't de 'klepel' is.

Elkenien hat it plan yn de Albert Heijn heard en útfierd, mar de iennige dy't wier lústere, wie Jochem fan santjin út Nijmegen."

(advertinsje)
(advertinsje)