Museum Belvédère fiert 15-jierrich bestean mei oersjochstentoanstelling

28 nov 2019 - 08:16

Museum Belvédère yn Oranjewâld bestiet 15 jier en dêr wurdt op ferskate wizen by stilstien. Direkteur-konservator Han Steenbruggen fan it museum hat tongersdei in lêzing mei as titel 'Van Thom tot nu, verzamelde werken' oer oprjochter Thom Mercuur, dy't yn 2016 ferstoar, en de skiednis fan it museum.

Museum Belvédère yn Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ien fan de hichtepunten fan de ôfrûne 15 jier is neffens Steenbruggen de ynternasjonale tentoanstelling dy't it museum ferline jier meitsje mocht oer de Italiaanske keunstner Giorgio Morandi (1890-1964). Mear as 27.000 minsken hawwe de stillibbens en lânskippen fan de skilder sjoen en dat wie in nij besikersrekôr foar Belvédère.

Steenbruggen is ek grutsk op de wize wêrop't it museum omfoarme is fan in ynstitút sûnder kolleksje en sammelbelied nei de hjoeddeistige kolleksje dy't him ûnderskiedt fan oare musea yn it noarden fan Nederlân. Belvédère rjochtet him benammen op moderne en eigentiidske keunst út Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân. Dêrmei ha se harren pleatst tusken de grutte noardlike ynstituten Fries Museum, Groninger Museum en Drents Museum.

"Daar hebben we de laatste jaren enorm veel aan gedaan in de vorm van tentoonstellingen en collectiebeleid", seit Steenbruggen. "En wij zijn het enige museum in het Noorden wat permanent en specifiek aandacht richt aan het werk van Friese kunstenaars."

Tentoanstelling

Neist de lêzing fan Steenbruggen is der ek de tentoanstelling 'Van Thom tot nu', dy't oant en mei 15 desimber te sjen is. It is in seleksje fan de ôfrûne 15 jier út de fêste kolleksje. "Met heel veel werken die laten zien waar het museum vandaan komt, waar het nu staat en waar het verhoopt nog naar toe kan", leit Steenbruggen út.

It partikuliere museum hat it finansjeel dreech en hopet dat der yn de takomst subsydzje beskikber komt. Al langere tiid wurdt dêr oer praat mei de provinsje en Steenbruggen is posityf. "Wij zijn afhankelijk voor de toekomst van bijdragen van overheden. We gaan er vanuit dat wij straks meedraaien in de subsidiestromen."

Direkteur-konservator Han Steenbruggen fan Museum Belvédère

(advertinsje)
(advertinsje)