Brânwacht fan De Jouwer krijt as earste in gloednije helpferlieningswein

De earste fan de fiif helpferlieningsweinen foar de Fryske brânwacht is ôflevere oan it brânwachtkorps op De Jouwer. Helpferlieningsweinen wurde ynset by komplekse en swiere ûngelokken, dêr't swierder materiaal nedich is as wat op in gewoane brânwachtauto sit.

Foar tal fan funksjes

De auto wurdt fuortlutsen troch in 420pk sterke motor. Dêrneist hat de wein in radiografyske betsjinning op de kraan dy't op it sjassy boud is, de kraan komt fan it bedriuw Hiab út Meppel. Mei de kraan wurde bygelyks auto's dy't op de kop lizze oerein lutsen, mar ek bepaalde objekten ferstevige en ûnder druk hâlden as dat yn situaasjes moat. De auto is kompleet ôflevere troch Ziegler brânwachttechnyk út Winschoten, ynklusyf bepakking.

De Jouwer earste, noch fjouwer yn opbou

De wein fan De Jouwer is de earste yn in searje fan fiif weinen, de oare auto's geane noch nei de brânwachten fan Easterwâlde, Frjentsjer, Ljouwert en Drachten. De helpferlieningsweinen dy't no noch op de kazernes fan Ljouwert, Drachten en Frjentsjer steane, wurde sa lang brûkt oant de nije weinen oankomme en de brânwachtminsken harren opliedingen foar it takeljen mei de kraan helle hawwe.
© Melarno Kraan, Ziegler