Scooter en auto yn botsing op Julianaleane yn Ljouwert

27 nov 2019 - 21:49

Op de Julianaleane yn Ljouwert is woansdei de bestjoerder fan in scooter ferwûne rekke nei in oanriding mei in auto. De scooterrider is op it plak sels behannele en dêrnei nei it sikehûs brocht. It is net bekend wat syn ferwûningen binne.

Foto: Nick den Boer / ProNews

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. De auto en de scooter binne slim skansearre.

(advertinsje)
(advertinsje)