Plannen Frysk Keunstnershûs: byldhouwe, skilderje en skriuwe oant de dea

27 nov 2019 - 21:28

Wêr moatte âlde Fryske keunstners harren âlde dei slite? Dat wie de fraach dy't libbe by twa keunstleafhawwers dy't tegearre de Stichting Keunstnershûs Fryslân oprjochte hawwe. Neffens harren moat der in spesjaal keunstnershûs komme dy'plak biede moat oan Fryske keunstners 'op leeftiid' dy't net ophâlde wolle mei it meitsjen fan harren keunst.

Steven Sterk fan Stichting Keunstnershûs Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De twa inisjatyfnimmers, Paul van Straelen en Steven Sterk, ûndersykje op dit stuit oft der genôch behoefte is oan sa'n âldedeifoarsjenning. Derom hawwe se in stichting oprjochte mei as doel de bou en ynrjochting fan in wen-wurk-soarchfoarsjenning te realisearjen.

"Minsken dy't keunstner binne, wolle oan it wurk bliuwe. In skilder wol oant syn dea skilderje, in skriuwer wol oant syn dea skriuwe en in byldhouwer wol oant syn dea byldhouwe. Mar dêr moat romte foar wêze, dus der moat in atelier wêze," sa seit Steven Sterk.

Yn de faze fan ideeën

In soad keunstners op leeftiid moatte mei it wurk ophâlde as sy nei in aldereinfoarsjenning ferhûzje, en dit inisjatyf soe dat foarkomme kinne. Konkreet is der noch neat. Wêr't dit keunstnershûs komme moat, oft it nijbou of ferbou wurdt en yn hokker foarm is noch net bekend.

Sterk: "It is in inisjatyf, dus minken kinne ek ideeën oandrage en kommentaar leverje. Alles is mooglik. Wa wit is der in gemeente dy't seit: wy hawwe in prachtich gebou en dêr soe it moai passe. Wy wolle it iepen bringe en roppe minsken op om mei te tinken."

Reaksjes wolkom

Neffens Sterk moat alles fan ûnderen ôf komme, dus wachtsje sy earst op de reaksjes. "Wy moatte nochris ynventarisearje wat de fraach is, mar dat der behoefte is, dêr binne wy wis fan." In goed foarbyld is it Rosa Spier Huis yn Laren, der't der al jierren sa'n foarsjenning is.

Steven Sterk van Stichting Keunstnershûs Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)