Spylskema WK Darts bekend: Danny Noppert spilet tsjin Lennon of Rydz

27 nov 2019 - 20:45

It skema foar it PDC WK Darts is woansdei bekend wurden. Danny Noppert is de earste ronde frijlotte, om't er 31ste stiet op 'e wrâldranglist. Yn de twadde ronde moat hy tsjin Steve Lennon of Callan Rydz. Dy binne beiden leger pleatst. Hy spilet op tongersdeitejûn 19 desimber.

Foto: Orange Pictures

Yn de tredde ronde moat Noppert mooglik tsjin Rob Cross, de wrâldkampioen fan twa jier lyn. Dy wedstriid sil dan op snein 22 desimber spile wurde. Ferline jier makke Noppert syn debút op it WK. It is dus de twadde kear dat hy meidocht.

It PDC WK Darts set op 13 desimber útein. Op 27 desimber binne de achtste finales, op 30 desimber de heale finales en de grutte finale is op 1 jannewaris 2020.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darts
(advertinsje)
(advertinsje)