Moanne selstraf foar beflybkjen meiwurkster nachtopfang Zienn

Fanwegen it slaan en beflybkjen fan in baaljemeiwurkster fan de nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert, hat in 43-jierrige dakleaze in selstraf fan in moanne oplein krigen. De frou waard mishannele doe't se yngriep by in fjochtpartij tusken de dakleaze en in oare kliïnt fan de nachtopfang.
© Omrop Fryslân
Doe't de Zienn-meiwurkster mei in kollega besocht in ein te meitsjen oan de fjochtpartij kearde de dieder him tsjin har. Hy treau har fuort en sloech har. Doe't de frou him by it skouder pakte en melde dat er fuortgean moast, krige se de folle laach. Se krige flibe yn it gesicht en yn 'e mûle. Se neamde dy aksje 'mensonterend en respectloos.'
De rjochter wie dat mei har iens: "Dit is een heel naar en akelig feit". Hy hold der by it oplizzen fan de straf rekken mei dat de dakleaze al in wiidweidich strafblêd hat. De straf is gelyk oan de eardere eask fan de offisier fan justysje.