Reaksje op ûndersyk omroppen: minister Wiebes fynt mynboubelied deugdlik

27 nov 2019 - 21:59

Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat fynt dat der neat mis is mei it kontrôlesysteem fan it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM). Dat is syn reaksje op it ûndersyk fan Omrop Fryslân mei RTV Drenthe, RTV Noord en RTV Oost. Ut dat ûndersyk docht bliken dat der flaters sitte yn de gegevens dy't troch de winmaatskippijen oanlevere wurde.

Gaswinning by Noardwâlde - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn in lange brief giet de minister wiidweidich yn op de regeljouwing foar mynbou en fergunningen. "Mijnbouw is mogelijk zolang dit veilig en verantwoord kan," skriuwt Wiebes.

'Milieu Effect Rapportages''

Neffens it ûndersyk fan de omroppen is der yn meardere gefallen fan gaswinning net in saneamde 'Milieu Effect Rapportage' (MER) makke, wylst dat eins wol moat. Wiebes: "In het verleden is dat ten onrechte een enkele keer niet gedaan. Er zijn echter ook situaties waarbij de gaswinning dateert van voor de inwerkingtreding van de MER-richtlijn. Daarom is in deze gevallen geen MER opgesteld."

It ûndersyk lit sjen dat it faker foarkomt dat bedriuwen de plicht foar de rapportaazje besykje te omsilen troch in legere produksje op te jaan. As de fergunningen der dan komme en der gas wûn wurdt, dan wurdt de produkje opfierd. Wiebes seit lykwols: "Ik hanteer de lijn dat bij een eventuele productieverhoging alsnog een MER moet worden opgesteld. Totdat de vergunning is aangepast, mag een bedrijf niet meer produceren dan eerder is toegestaan."

Fergunning en winningsplan

Minister Wiebes leit út hoe't it kin dat der somtiden mear gas út de grûn helle wurdt as earder sein wie, wylst de produksjesifers net te boppe gien wurde. "Het winningsplan beschrijft de te verwachten productievolumes over een aantal jaren. De drempelwaarde voor de MER gaat uit van maximale productie per dag. Deze maximale dagproductie wordt vastgelegd in de omgevingsvergunning en niet in het winningsplan. Het winnen van meer gas leidt niet per definitie tot verhoging van de maximale dagproductie. In dat geval kan worden volstaan met een aanpassing van het winningsplan."

Minister Wiebes - Foto: ANP

Soad ûnwis by wurkje yn de grûn

By it wurkjen yn de djippe grûn komt in soad ûnwissens sjen, faak kin net goed ynskat wurde wat de boaiem dwaan sil. Wiebes seit dat dêrom de plannen tuskentiids feroarje kinne. "Het is niet vreemd als een winning uiteindelijk anders verloopt dan wat voorafgaand aan de winning is beschreven en berekend in het winningsplan. Het is daarom ook niet vreemd dat winningsplannen moeten worden geactualiseerd en dat gegevens in die plannen, onderliggende rapporten en ook de concepten daarvan, veranderen, omdat er nieuwe inzichten ontstaan."

Flaters op de webside

Yn de Keamerbrief giet de minister ek yn op flaters dy't fûn binne yn de data op de iepenbiere webside nlog.nl. "Mijnbouwbedrijven hebben de verplichting om bepaalde gegevens te leveren. Over het algemeen doen bedrijven dat ook. Dat is namelijk ook in hun eigen belang, omdat bewust foute gegevens aanleveren fraude is, en daarmee strafbaar."

It SodM sei earder al dat de flater ûntstien wêze soene om't de gegevens fan winmaatskippijen mei de hân oanlevere en ferwurke wurde. In meiwurker mailde: "Hier zitten zoveel handmatige stappen in dat fouten onvermijdelijk zijn. Ik deel jullie verwondering daarover."

Ynformaasje moat better

Ek minister Wiebes fynt wol dat de ynformaasjefoarsjenning better moat. "Ik vind het cruciaal dat informatie over datgene wat er onder de grond gebeurt publieksvriendelijk toegankelijk is. Ik heb uw Kamer ook toegezegd de informatievoorziening te verbeteren. TNO is op mijn verzoek hiermee al enige tijd bezig."

(advertinsje)
(advertinsje)