Provinsjale Steaten bûgje harren oer polder de Hegewarren

27 nov 2019 - 18:51

Boeren en oare ûndernimmers by de polder Hegewarren moatte op koarte termyn witte wêr't sy oan ta binne. Provinsjale Steaten wolle oer ûngefear in jier definityf dúdlikens jaan oer de polder oan de súdkant fan De Alde Feanen.

Hegewarren - Foto: Omrop Fryslân

De Steateleden sprutsen woansdei oer de Hegewarren as ûnderdiel fan de diskusje oer de farwei fan Ljouwert fia Grou nei Drachten ta. Dy farwei soe der komme kinne as de polder trochstutsen wurdt. Mar net eltsenien yn de Steaten sjocht de mearwearde fan de farwei.

Yn de Hegewarren sitte sân boerebedriuwen. Sy hawwe lêst fan in drûge boaiem en om it wetternivo op peil te hâlden, jout de provinsje no elts jier 400.000 euro út. It soarget foar in soad stikstofútstjit en dat wylst de polder njonken it Natura2000-gebiet De Alde Feanen leit.

In farwei nei It Hearrenfean liket noch folle fierder fuort. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de doar iepen stean foar in petear, mar de gemeente Hearrenfean sil sels meibetelje moatte en dêr liket it op dit momint noch net op.

Van Harinxmakanaal

Provinsjale Steaten binne posityf oer de ynvestearringen om it Van Harinxmakanaal geskikter te meitsjen foar skippen yn de saneamde Va-klasse. Dat binne skippen fan maksimaal 110 meter lang en 11,4 meter breed. It kanaal moat dêrfoar breder makke wurde en de bochten moatte ek oanpakt wurde, sadat gruttere skippen der del kinne. De provinsje wol de kommende tsien jier 30 miljoen euro ynvestearje yn it Van Harinxmakanaal, 3 miljoen euro yn 't jier.

FNP: wat binne de opsjes?

FNP-Steatelid Wopke Veenstra wol dat der dúdlikens komt foar de minsken yn de Hegewarren. "De takomst sit no op slot. De kade is al wer in ein fersakke, it kostet jild om de boel drûch te hâlden, der komt kwelwetter nei boppe. Dus it is mar de fraach hoe't it komt mei de ûndernimmers dêr," seit Veenstra. Neffens him is de kâns wol grut dat sy útkocht wurde. "Dat kloppet, dat is ien fan de opsjes."

Veenstra: "Der leit in breed ûndersyk nei in alternative farwei nei Drachten, mar it soe ek in mooglikheid wêze kinne dat der twa boeren sitten bliuwe om op in duorsume wize te buorkjen. En in oare opsje is noch dat it foar in part ûnder wetter setten wurde kin."

As de farwei der net komt, soe der neffens de FNP'er wol war barre moatte. "Dan soe it goed wêze dat de grutte skipfeart en plezierfeart skieden wurdt fan de lytsere plezierfeart. Dan soe de Aldheadamsleat trochlutsen wurde kinne troch in stikje fan de Hegewarren. It soe moai wêze as dat plan meinommen wurdt yn de diskusje."

FNP-Steatelid Wopke Veenstra

(advertinsje)
(advertinsje)