Steuring brêge Koarnwertersân soarget foar opûnthâld by Ofslútdyk

27 nov 2019 - 18:29

De brêge oer de slûs by Koarnwertersân op de Ofslútdyk is op dit stuit ôfsletten, om't der in technyske steuring is. "Helaas is de noordbrug bij Kornwerderzand in storing, hij staat half open en wil niet meer verder open of dicht. De monteur is onderweg, maar we weten niet precies hoe laat hij aankomt," seit Karen Buikema fan Rykswettersteat. Auto- en skipferkear wurdt omlaat.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Automobilisten dy't rjochting Noard-Hollân wolle, kinne it bêste troch de polder ride. De omlieding is oanjûn fia Emmeloord, fia de A7, A6 en A1.

Monteurs te plak, auto's om en om oer ien brêge

"Op dit moment wordt er een 2.0-systeem opgezet bij de zuidbrug aan de IJsselmeer-kant. Dat houdt in dat de twee banen normaal voor het verkeer één kant op zijn worden dan gebruikt om het verkeer ook naar de andere kant te leiden," jout Buikema oan.

Sy wit net hoe lang't it noch duorje kin. "Dat is een lastige vraag, de monteur is onderweg en we doen ons best om het zo snel mogelijk op te lossen. De oorzaak is nog niet bekend. Het scheepvaartverkeer is ook gestremd, schepen worden via berichtgeving op de hoogste gesteld hoe ze kunnen omvaren."

Karen Buikema fan Rykswettersteat oer de steuring

(advertinsje)
(advertinsje)