Ljouwert hat Nederlânske primeur mei Fair Saturday

27 nov 2019 - 17:58

Ljouwert moat it startpunt wurde fan in lanlike sprieding fan it globale evenemint Fair Saturday, it kulturele antwurd op Black Friday. De Bask Jordi Albareda, inisjatyfnimmer fan Fair Saturday, ferkundige dat tiisdei op it poadium fan IepenUP Live yn Ljouwert. De Fryske haadstêd is de earste en no noch de iennichste stêd yn Nederlân dy't meidocht oan de 'earlike sneon'.

Fair Saturday moat it ynternasjonale antwurd wurde op de fuortsmytmaatskippij. Produkten dy't bydrage oan it geastlik wolwêzen fan de minske, moatte sintraal komme te stean, fynt de organisaasje. It is dêrmei de tsjinhinger fan Black Friday, dat just symboal stiet foar dekadinsje. By de jierlikse prizeslach giet it inkeld om it hawwen en leit de fokus op de matearje.

Fair Saturday wurdt op ferskate plakken yn de wrâld holden op sneon 30 novimber, de dei nei Black Friday. Yn stêden as Lissabon, Cardiff, Helsinki en Atlanta, en no dus ek Ljouwert, komme tûzenen keunstners en kulturele organisaasjes byinoar om har yn te setten foar in sosjalere maatskippij. Yn gearwurking mei LF2028 leit by de aktiviteiten yn Ljouwert it aksint benammen op keunst en kultuer.

Op tsien lokaasjes yn de binnenstêd komme fan tongersdei oant en mei sneon troch keunstners beskildere piano's te stean, dy't ferkocht wurde. De opbringst giet nei goede doelen. De organisaasje nûget elkenien út om de piano's te bespyljen. Sneontejûn wurdt it evenemint ôfsletten mei in grut feest yn skouboarch De Harmonie.

Wâldpiken fersus Klaaikluten

Nije wike woansdei is IepenUP Live wer werom yn Neushoornkafee De Backstage mei in wiere 'battle' tusken de Wâldpiken ûnder oanfiering fan Emiel Stoffers fan De Hûnekop en de Klaaikluten mei Aant Jelle Soepboer as frontman.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)