Taksyferfier yn Harns tenei foar skoalbern oant 12 jier

27 nov 2019 - 17:32

Bern fan boppe de 9 jier yn Harns kinne tenei ek mei de taksy nei harren skoalle yn it spesjaal ûnderwiis. De gemeente hat de leeftiidsgrins omheech lutsen nei 12 jier.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Oant no ta koene bern âlder as 9 jier wol in fergoeding krije foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier, mar se koene net mei de taksy op kosten fan de gemeente. Allinnich as it net oars koe, fanwege sosjale of medyske redenen, koene âldere bern oanspraak meitsje op taksyferfier.

Wethâlder Hein Kuiken fan Harns is wiis mei it ferromjen fan de regeling. "In de praktijk zijn leerlingen van 10 à 11 jaar vaak nog niet in staat zijn om zelfstandig met het openbaar vervoer te reizen. Door deze kinderen nu ook taxivervoer aan te bieden, creëren we ongetwijfeld meer rust in deze gezinnen."

Gjin eigen bydrage

De gemeente freget ek gjin eigen bydrage foar it learlingeferfier. De Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) advisearret dat wol. Kuiken: "Ouders kiezen er niet voor dat hun kind naar het speciaal onderwijs gaat, dat is vaak een onderwijskundige noodzaak. Het presenteren van een rekening hiervoor lijkt ons niet juist."

De nije leeftiidsgrins giet yn op 1 jannewaris 2020. Der binne likernôch 100 bern yn Harns dy't gebrûk meitsje fan it taksyferfier.

(advertinsje)
(advertinsje)