Stroomsteuring tusken Burgum, Quatrebras en Hurdegaryp oplost

Tusken Burgum, Noardburgum en Hurdegaryp is woansdeitemiddei rûn healwei fifen in stroomsteuring ûntstien, sa meldt Liander. De steuring is flak foar healwei sânen wer oplost, eltsenien hat wer stroom.
© De Vries Media
Der wiene sa'n tsien strjitten troffen, dêrtroch sieten hûnderten húshâldens sûnder stroom. Hoe't de steuring ûntstien is, hat Liander net bekend makke. Meardere winkels op it yndustryterrein oan de noardkant fan Burgum hawwe woansdeitemiddei harren doarren earder sluten troch de steuring.