Famylje tsjinoer boer om stankoerlêst yn Hantumhuzen

27 nov 2019 - 17:10

In famylje út Hantumhuzen baalt derfan dat de gemeente Noardeast-Fryslân net mear docht tsjin de stankoerlêst fan in dongfergistingsbedriuw oan de râne fan it doarp. De gemeente hat it bedriuw in fergunning ferliend, wylst der neffens de famylje noch fan alles mis is.

Foto: Google Street View

"Toen Van Oosten tegen de stankoverlast lavendel in de vergister gooide, rook het hele dorp naar toiletverfrisser", seit frou Verkerk woansdei by de Ried fan Steat. "De mestvergister is zelfs groter dan ons dorp."

Nije fergunning

Earst die de gemeente al wol wat tsjin de oerlêst. De feehâlder en dongfergister Van Oosten krige in twangsom en miljeumaatregels op. Yn dy tiid frege Van Oosten in nije fergunning oan en dy krige er fan de gemeente. Dêr begrypt de protestearjende famylje neat fan, want neffens harren is der noch hieltyd wat mis. Dat soe bliken dwaan út in geurûndersyk dat se útfiere litten hawwe.

De gemeente seit dat it bedriuw just genôch dien hat om de measte stankoerlêst tsjin te gean. It geurrapport jout de gemeente gjin oanlieding om wer in twangsom op te lizzen, wie de ferklearring. Van Oosten hie sels ek in geurûndersyk dwaan litten doe't er foar de twadde kear in fergunning oanfrege. Ut dat ûndersyk soe wer bliken dwaan dat Van Oosten de stank ûnder kontrôle ha soe.

Yntimidaasje

De protestearjende famylje hopet dat der noch wat dien wurde kin tsjin de oerlêst. Se sizze dat gâns mear minsken lêst hawwe fan Van Oosten. "We zijn met veel dorpsgenoten begonnen, maar op ons na is iedereen afgehaakt. Dat komt door intimidatie." Van Oosten sels wie net by de Ried fan Steat en koe dus net reagearje.

De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)