Harnzer fan 2,10 meter wiis mei lingte: "Ik zou niet een centimeter korter willen zijn"

27 nov 2019 - 16:33

De Fryske man is mei in trochsneed lingte fan 1,82 meter de langste fan Nederlân, mar Coenraad Balt út Harns sit dêr mei syn 2,10 meter fier boppe. Slim fynt er dat net, hy soe net in sintimeter koarter wêze wolle.

Ut sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) docht bliken dat Friezen mei kop en skouders boppe de rest fan Nederlân út stekke. In gemiddelde Fryske man is 3,5 sintimeter grutter as in Limboarchske man. Fryske froulju binne gemiddeld 1,69 meter lang en litte dêrmei ek de rest fan Nederlân efter harren.

Coenraad Balt hat altyd al lang west, fertelt er. "Ik ben voor zover ik weet mijn hele leven al langer geweest dan mijn leeftijdsgenoten. Dat kon je al zien vanaf de peuterspeelzaal." It sit by him yn de famylje, want syn heit is krekt boppe de 1,90 meter lang en syn mem boppe de 1,85 meter. Ut in test die bliken dat syn broerke 2,15 meter lang wurde soe, mar hy hat saneamde 'groeiremmers' krigen en dêrtroch is er krekt ûnder de twa meter hingjen bleaun.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld (1,68 meter) yn petear mei Coenraad Balt (2,10 meter) - Foto: Omrop Fryslân

Balt is it wend om lang te wêzen, mar oaren fine it faak bysûnder. "Ik zie wel heel vaak mensen die me nakijken. Ik ben lang en niet heel breed, dus ik lijk ook echt heel lang." Der sitte neidielen oan, mar ek foardielen. "Het is vooral lastig als je bijvoorbeeld kleding zoekt of een plekje in het vliegtuig, maar voor de rest is het alleen maar leuk. Je hebt altijd vrij zicht, dus je ziet alles. Je kunt overal bij. De reacties van kinderen zijn altijd wel heel erg grappig."

Dat hat lykwols net altyd sa west, seit Balt. "Je weet hoe kinderen onder elkaar zijn. Ik was lang en mager, dan ben je al snel een gewild object voor pesterijtjes." Doedestiids hat er der wol in soad lêst fan hân, mar no net mear. "Nu kan ik er alleen nog maar om lachen."

Net in sintimeter koarter

Balt syn frou hat in 'gewoane' lingte fan 1,69 meter en dêrom is net alles yn 'e hûs oanpast op syn lingte. "Dan moet zij overal op krukjes staan en dat zou ook wel een beetje sneu zijn." Se ha wol in langer bêd. "Voor mijn vrouw ideaal, want ze heeft alle ruimte." En nei wat sykjen hat er ek in auto en in fyts fûn dy't by syn lingte passe.

Om goed passende klean te finen, falt net altyd ta. "Ik heb natuurlijk een heel lang lijf, maar niet heel breed. Als ik een XXL trui koop, dan is dat al snel een tent. Je moet er echt naar op zoek." Foar Balt gjin reden om ûntefreden te wêzen mei syn boppegemiddelde lingte. "Nou, 5 of 10 cm korter zou voor kleding kopen wel iets idealer zijn, maar voor de rest zou ik echt niet een centimeter kleiner willen zijn."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld yn petear mei lange man Coenraad Balt út Harns

(advertinsje)
(advertinsje)