Noch trije kânshawwers foar Piter Jellespriis foar de Letteren

27 nov 2019 - 15:49

Der binne noch trije kandidaten oer dy't dit jier kâns meitsje op de literêre Piter Jellespriis. It giet om dichteres Elske Kampen, it poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus. De priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt oan in persoan of projekt dy't in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Earder wie der in list mei noch alve kânshawwers en dêrfan binne nei sjuery-oerlis no dus noch trije fan oer. Kampen debutearre yn 2010 mei de bondel 'Fan glês it brekken' en yn 2017 publisearre se 'Ynbyld'. Poetic Potatoes is in dichterlik ferslach fan it projekt fan Kulturele Haadstêd, dêr't poëzy en de ierpel inoar tsjin komme. Regnerus beskreau yn 'Nachtschrijver' har moeting mei de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga.

Eare

De winner fan de Piter Jellespriis foar de Letteren krijt in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro. Eardere winners wiene Nyk de Vries (2016), Aggie van der Meer (2011) en Nynke Laverman (2011).

De sjuery bestiet dit kear út Goffe Jensma (heechlearaar Fryske taal- en letterkunde), Kirsten van Santen (sjoernaliste) en Coen Peppelenbos (skriuwer, resinsint en dosint NHL Stenden).

(advertinsje)
(advertinsje)