Keunstrûte Open Stal fan Aldeberkeap wint Henk Aalderink-priis

27 nov 2019 - 15:36

"Onderscheidend in zijn soort met de kracht telkens actueel te zijn," sei de faksjuery Kunstroute Open Stal. It jierliks weromkommende evenemint yn Aldeberkeap wint dêrmei de Henk-Aalderink-priis fan 2.500 euro.

Foto: P10

Aldeberkeap is mei de priis de moaiste "Parel van het Platteland". De sjuery selektearre tweintich pearels út de ynstjoeringen. Op basis fan dizze seleksje ûntwikkele de P10, it netwurk fan grutte plattelânsgemeenten, in rûtekaart en in boekje 'Parels van het Platteland'. De Henk Aalderink-priis is yn it libben roppen om oan hiel Nederlân sjen te litten dat it plattelân brûst fan enerzjy.

"Ons platteland is prachtig en vooral door de mensen die er wonen. Het grote zelforganiserend vermogen, het gebruikmaken van ieders talenten, dát maakt dorpen vitaal. Oldeberkoop is daar met haar Kunstroute Open Stal een heel sprekend voorbeeld van", seit Ellen van Selm, foarsitter fan de P10 en boargemaster fan Opsterlân.

(advertinsje)
(advertinsje)