HEA! Mei in âld skoalbus troch Amearika

27 nov 2019 - 15:18

Hy falt fuortdaliks op ast him riden sjochst: de grien-giele skoalbus fan Henk en Elly Wielink út Oerterp. Hy makket no noch tochtsjes troch Fryslân, mar oer in oantal moannen meie de minsken yn Amearika derfan genietsje. En dat is ekstra bysûnder, om't de bus syn woartels hat yn Texas. Henk en Elly wolle ûnderweis harren eigen enerzjy opwekke en ek iten sykje yn de natuer.

(advertinsje)
(advertinsje)