Provinsje oer busferfier yn Fryslân: yn 2030 sûnder skealike útstjit

27 nov 2019 - 15:16

Alle bussen yn Fryslân moatte yn 2030 sûnder útstjit fan skealike stoffen troch de provinsje ride. En fan 2025 ôf moatte de nij te keapjen bussen al oan dy eask foldwaan. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besletten by it fêststellen fan de saneamde buskonsesje fan 2022 oant 2032.

De partijen yn de Steaten hiene woansdei de kâns de rânebetingsten fêst te stellen foar de busferfierders dy't yn dizze perioade it busferfier dwaan wolle. Njonken de strange easken foar mear duorsume bussen, moat it iepenbier busferfier ek op it plattelân berikber bliuwe, fine de measte partijen.

De provinsje hat de foarkar foar ien busferfierder foar hiel Fryslân. De termyn fan de hjoeddeiske ferfierder Arriva rint ein 2022 ôf. De provinsje wol jierliks 32,6 miljoen euro beskikber stelle.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)