FIDEO: Soan betinkt heit Anne Wadman mei ferhale- en plateboek

Anne Wadman is benammen bekend as skriuwer fan it boek De Smearlappen. Mar hy skreau folle mear en makke ek furoare yn de muzyk mei de band The Snakecharmers. Wadman groeide op yn Langwar.
Anne Wadman 100 jier
Takom sneon, op 30 novimber, is it hûndert jier lyn dat hy berne waard. En ta eare dêrfan hat syn soan Thys in boek oer him skreaun. Gjin biografy, mar in ferhale- en plateboek, sa neamt hy it sels. Wadman hopet dat it boek minsken nijsgjirrich makket nei it wurk en libben fan syn heit en dat syn boeken opnij ûntdutsen wurde.
Yn it boek stean ferhalen oer syn rol as heit, syn tiid yn it ûnderwiis, syn leafde foar muzyk en syn skriuwerskip.