Minister: kwart fan de lading fan MSC Zoe is noch net fûn

In kwart fan de lading fan de MSC Zoe is noch hieltyd net fûn. It grutte frachtskip ferlear begjin jannewaris dit jier 342 konteners op de Noardsee boppe de Waadeilannen. Fan de konteners dy't noch net burgen binne, binne no twa lokalisearre om út see te heljen. De rest leit sa bot ferspraat oer in grut gebiet dat it neffens minister Van Nieuwenhuizen gjin doel hat noch fierder te sykjen.
Lytse 80 konteners fan MSC Zoe ramp bliuwe lizzen
Foar it sykjen is in soad brânstof foar nedich en de kosten fan it bergjen binne nei alle gedachten 35 miljoen euro. Dy skea wurdt betelle troch MSC. Yn totaal stiet der noch 1,93 miljoen euro oan claims iepen. Oardel miljoen dêrfan is fan Rykspartijen en 109.000 euro fan de fiif Waadeilângemeenten.
MSC hat yn septimber in oanbod dien om op koarte termyn de rest fan de claims te beteljen. Dêrby stelde de reder wol as betingst dat der gjin nije claims komme soene. Dat oanbod hawwe de Waadeilannen ôfwiisd. Minister Van Nieuwenhuizen hat oanbean om it bedrach dat noch iepen stie (109.000 euro) foar te sjitten. Uteinlik fynt de minister wol dat MSC de skea sels fergoedzje moat. As MSC net mei in goed oanbod komt, ûndernimt Van Nieuwenhuizen juridyske stappen.

2,42 miljoen kilo opromme

De konteners hiene in totaalgewicht fan 3,26 miljoen kilo. Dêrfan is 2,42 miljoen kilo út de see fiske of fan de strannen helle. Fansels hawwe jutters ek in soad spul meinommen, dat is net yn de berekkeningen opnommen.
© ANP