Ljouwerter skoalle komt yn aksje tsjin útsetting Oekraynske learlinge Yaroslava

Learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de driigjende útsetting fan Yaroslava Tymts (14) en har famylje. Har klassegenoaten út klasse 2b wolle foarkomme dat se mei har mem, heit, broerke (7) en suske (3) weromstjoerd wurdt nei Oekraïne. Dat bart mooglik takom wike al.
Aksje foar Yaroslava
Yaroslava wennet no yn it azc yn Sint-Anne, mar komt fan oarsprong fan De Krim. Dat is Oekraynsk grûngebiet dat yn 2014 ynnommen waard troch Ruslân. Oekraïne wurdt no sjoen as in feilich lân, mar Yaroslava fynt it hiel aaklik om werom te moatten. "Het is eigenlijk heel eng voor ons om teruggestuurd te worden naar Oekraïne. We hebben geen Oekraïens paspoort, dat werd afgepakt door de Russen. Daardoor moesten we vluchten en zijn we hier in Nederland. We hebben helemaal geen paspoort en dan ben je daar illegaal."

Brieven en hantekeningen

De skoallieding fan it Beyers Naudé stiet achter de aksje fan de learlingen. Se ha brieven skreaun tsjin de útsetting en in hantekeninge-aksje op tou set. Rektor Bernadette Pelgrum fynt dat Yaroslava in talint is en troch Nederlân koestere wurde moat. Se sit no oardel jier op it gymnasium en docht it hiel goed, seit Pelgrum. "Ze is heel betrokken en heeft al hele mooie plannen voor de toekomst, die ze eigenlijk alleen maar in Nederland kan verwezenlijken. Vandaar dat we vinden dat ze hier moet blijven. Ze is zo geïntegreerd, spreekt goed Nederlands en zelfs Fries verstaat ze al."
De 14-jierrige Yaroslava út Oekraïne (twadde fan links) mei har freondinnen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yaroslava is maatskiplik hiel aktyf. Op skoalle sit se by de learlingeried, de skoalkrante en de debatklup. Ek sit se yn de jongereried fan de gemeente Waadhoeke en by in organisaasje tsjin iensumens. "En ik zou dat heel graag verder willen doen, want dan kan ik andere mensen helpen", seit it famke. Se is benammen benaud dat sy en har broerke en suske yn in weeshûs telâne komme. "Mijn ouders weten heel goed hoe dat is. Ze komen allebei uit een weeshuis. Het is onze ergste nachtmerrie om in een weeshuis te belanden of zonder ouders te blijven." Se ha fierders ek gjin famylje yn Oekraïne.

Grutste winsk

De famylje Tymts hat no twa wiken om alle dokuminten yn te stjoeren foar it heger berop tsjin de útsetting. Wannear't de útslach dêrfan binnenkomt, dy't de famylje ek yn Oekraïne ôfwachtsje kin, is net wis. It Beyers Naudé docht der alles oan om útsetting foar te kommen en hat dêrom ek de media opsocht. Pelgrum: "Het is onze grootste wens dat Yaroslava op school kan blijven en haar gymnasiumdiploma kan afronden. Daar staan we voor."
De 14-jierrige Yaroslava út Oekraïne (rjochts) mei har freondinnen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by de aksje tsjin de útsetting fan Yaroslava