Frysk Fersetsmuseum trije wiken ticht fanwegen werynrjochting

27 nov 2019 - 13:54

It Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert sil de earste trije wiken fan desimber de doarren slute fanwegen in werynrjochting. De fêste presintaasje wurdt oanpast om it museum foar in breder publyk tagonkliker te meitsjen.

Foto: Fries Verzetsmuseum

Sa wurdt in tal objekten wiksele en komme de teksten fan de tentoanstellingen yn fjouwer talen beskikber. De lêste seal fan it museum komt yn it teken fan de hjoeddeiske frijheid te stean. Dêrmei is it museum foar takom jier taret op it jier fan 75 jier frijheid.

De oanpassingen moatte foar it begjin fan de krystfakânsje dien wêze. It Fries Museum, dêr't it Fersetsmuseum ûnderdiel fan útmakket, bliuwt de kommende perioade wol gewoan iepen.

(advertinsje)
(advertinsje)