Problemen by CBR hâlde oan: Thom wachtet al moannen op syn medyske test

De problemen by rydskoalleburo CBR hâlde oan. De problemen by 75-plussers binne bekend: fanwege de drokte by it CBR moatte sy lang wachtsje op ferlinging fan harren rydbewiis. Mar ek jongerein mei in beheining sit mei problemen.
© ANP
Dy moatte in medyske keuring ha, mar ek dêr binne de wachttiden tige lang. Christine Jansen har soan Thom fan Frjentsjer is ien fan de minsken dy't lang wachtet. Se fertelde der earder alris oer, mar yntusken wachtet Thom noch hieltyd.

Medyske oantekening

Thom syn linkerearm is koarter as syn rjochter en dêrom moat er in medyske oantekening hawwe op syn rydbewiis. Fanwege syn lichaamlike beheining moat in ynstrukteur fan it CBR sjen oft er bekwaam is om te riden.
"Thom heeft drie weken geleden samen met de huisarts een gezondheidsverklaring ingevuld en meteen opgestuurd naar het CBR", fertelt Jansen. "Hij is enorm gefrustreerd. Hij had de hoop dat hij na het invullen met de huisarts op korte termijn bericht zou krijgen."

"Straks bijna een jaar verder"

Dat barde lykwols net. Dêrop hat Thom kontakt socht mei it CBR. Dêr krige hy te hearren dat hy nochris wiken en wiken wachtsje moat op syn test. "We zijn straks bijna een jaar verder. Hij is teleurgesteld omdat hij nu weer moet wachten en vooral het gebrek aan communicatie van het CBR stelt ons teleur."
Christine Jansen fan Frjentsjer