Willem Smink foardroegen as foarsitter Noardlike Rekkenkeamer

Willem Smink wurdt foardroegen as foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer. De Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte beslute yn desimber oer syn beneaming.
Willem Smink © Omrop Fryslân
Plakferfangend foarsitter Jan van der Bij is bliid mei de oansteande beneaming fan Smink. "Willem Smink beskikt oer grutte bestjoerlike ûnderfining yn it Noarden. Hy hat ek affiniteit mei ûndersyk, sa't bliken docht mei funksjes dy't er earder hân hat."
Smink is sûnt jannewaris 2018 ynterim-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Koartlyn waard Linze Schaap al beneamd as nije direkteur fan de Noardlike Rekkenkeamer.