UPDATE: Brân by itenskontrôlebedriuw op It Hearrenfean ûnder kontrôle

By it bedriuw Eurofins Food Testing op It Hearrenfean wie woansdeitemoarn brân. Dat is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei de feilichheid fan iten en wetter.
© ProNews
De brân wie op de earste ferdjipping fan it gebou oan de Leeuwarderstraatweg. Hoe't dy krekt ûntstean koe, wit de brânwacht net. Dy moast in part fan de ferdjipping slope om de brân útmeitsje te kinnen.
Om alve oere hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. It gebou waard nei de brân fentilearre. Oer mooglike skea is op dit stuit noch neat bekend.