Trije manlju yn Apeldoorn oppakt foar ynbraak yn Surhuzum

27 nov 2019 - 10:44

Foar in ynbraak yn Surhuzum ferline wike hat de plysje de ôfrûne dagen trije manlju oanhâlden. It giet om manlju fan 27, 30 en 33 jier sûnder fêst wen- en ferbliuwplak. Se waarden yn Apeldoorn en omkriten oppakt troch de plysje.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

Se wurde fertochte fan in ynbraak yn in wenning oan it Sud yn Surhuzum. De bewenners fan dat hûs kamen ferline wike woansdei thús en seagen dat der ynbrutsen wie. Op kamerabylden wiene de fertochten te sjen en inkelde dagen letter koene twa fan har yn Apeldoorn oanhâlden wurde.

Ofrûne moandei waard ek de tredde man oanhâlden op in fakânsjepark yn 'e omjouwing fan Apeldoorn.

Foararrest ferlinge

It trijetal is ôfrûne moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Fan twa fertochten, de 30-jierrige en de 33-jierrige man, waard it foararrest ferlinge. De tredde persoan mocht nei hûs, mar is noch wol hieltyd fertochte.

Wat de ynbrekkers krekt meinommen hawwe út de wenning yn Surhuzum is net bekend.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Surhuzum
(advertinsje)
(advertinsje)