Fytser rekket ferwûne by oanriding yn Ljouwert en moat nei it sikehûs

27 nov 2019 - 10:19

Op de Alde Feemerk yn Ljouwert is woansdeitemoarn in fytser ferwûne rekke nei in ûngelok. Hy waard oanriden troch in auto.

Foto: Nick den Boer / ProNews

It slachtoffer waard op it plak fan it ûngelok behannele troch ambulânsepersoniel en is dêrnei nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)