Plysje siket tsjûgen fan berôving jonge (14) yn Stiens

27 nov 2019 - 09:24

De plysje siket tsjûgen fan in berôving yn Stiens. Op de Bûtenskilwei waard ôfrûne moandeitejûn in 14-jierrige jonge fan syn fyts trape, troch twa jonges op in scooter.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Se namen in speaker fan it slachtoffer mei en rieden fia it yndustryterrein fuort rjochting it noarden. De dieven binne sa'n 15 jier âld en hawwe in blanke en in donkere hûdskleur. Minsken dy't wat sjoen hawwe fan de berôving wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
plysje Stiens berôving
(advertinsje)
(advertinsje)