Kollum: "Skiednis"

27 nov 2019 - 08:42

"It meast lêzen berjocht yn de Ljouwerter Krante wie yn it wykein dat se op in terrein oan de westkant fan Ljouwert yn de rjochting fan Ritsumasyl, dêr't aanst in grut sinnepanielepark komt, dat se dêr wat âld stienguod fûnen. Tichelwurken. Dêr bakten se stien en dakpannen yn. Eartiids teminsten, we hawwe it oer de 17de iuw.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Dan soe ik sizze: helje it bêst bewarre oerbleaune tichelwurk der wei en bring dat nei it Fries Museum. Dan kin it dêr moai yn de kelder lizze, want we hawwe wol ris mear stienrotsoai sjoen. In fotoke kinne je bestelle fia de webside fan it Fries Museum. Dan kin der yntusken moai wer trochboud wurde oan it sinnepark.

Likegoed wie de fynst fan tichelwurken it meast lêzen berjocht yn de Ljouwerter Krante. Yn in tiid dat de iene helte fan de wrâld de oare helte deamakket, omdat se net itselde leauwe ha, yn in tiid dat Rutte him al net mear yn it sin bringe kin dat Nederlân yndertiid ek oan dy spultsjes meidie, is it finen fan in pear hielendal net seldsume âlde tichelwurken ynienen it meast lêzen nijs. Dêr ha 'k lang oer neitocht. Want wêr komt it wei dat we yn dizze tiid sa'n belangstelling ha foar it ferline. Krantestikken oer saken út it ferline rane de wykeinbylagen út. En der ferskine gâns histoaryske boeken.

Sjoch, ús generaasje fûn neat oan skiednis, want we hoegden inkeld mar jiertallen te learen. Mar as we no lêze, net allinnich dat we yn 1345 de Hollanners de Sudersee ynjage hawwe by Warns, mar ek wêrom, wurde de ferhâldingen wat dúdliker. Doe wienen we noch in dom kneppelfolk, dêrnei waarden we ferstannich, hawwe we Hollânsk leard en harren gewoan nûge om hjir te sizzen dat se gjin Frysk fersteane. We hawwe noch ien kear yn 1951 de kneppel brûkt om te soargjen dat we sels in bytsje Frysk prate bliuwe mochten.

Boppedat tinke dy Hollanners net mear oan it feroverjen fan Fryslân. Wat moatte je dêrmei. Oeral yn Nederlân komme mear fakânsjegasten, útsein Fryslân. En wy organisearren dochs o sokke moaie busreizen lâns alve ûnbegryplike fonteinen. Langer moatte je hjir blykber ek net omhingje.

Hiel singelier wie dan ek dat it sjoen waard as in soarte fan hillige Verlossing fan Domela dat der yn Den Haag sein waard dat se serieus sjen sille nei de Lelylijn. Dat is in spoarline fan Lelystêd, fia Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten nei Grins. Miskien noch wol troch nei Hamburg, as dy Dútsers nei de grappen fan Marco van Basten teminsten noch wol wat mei ús wolle.

It entûsjasme fan benammen de noardlike bestjoerders wie op de sosiale media euforysk. Se sloegen harsels o sa grutsk op it boarst. En seagen net fierder. Ik lies dêr lykwols Wikipedia. Dat sei dat de Lelylijn hiel bot liket op it plan foar de Suderseespoarline, wat yn 2007 yn de kachel smiten is. By de minsken thús is skiednis wichtich, by de politisy net. Dy kenne net iens jiertallen. Dat it noch mar sa koart lyn is dat itselde plan fuortsmiten waard, se witte it net iens.

As dy spoarline der al komme soe, dan is dat pas klear oer sis mar tweintich jier. Mar se skriuwe as is dat ding der no al. En dat moat ek, want dy trein kin hurder as harren auto. Wat is hurd. Deputearre Avine Fokkens rint njonken de skuon dat se no klear krigen hat wat Johannes Kramer yn acht jier net slagge: de NS sil besykje de trein nei Ljouwert wat flugger te plak te krijen.

Dat kin no noch net, want de trein kin noch net sa hurd oer dy bonkige rails. Dy moatte opknapt wurde. Dan kinne we dus oer tsien jier fjouwer minuten rapper yn Ljouwert wêze fanút de Rânestêd. Fjouwer minuten. Ik sis jim dat stopje yn Akkrum, Wolvega en miskien wol op It Hearrenfean tenei fan de baan is.

De skiednis hat ús leard dat fan soksoarte drege plannen nea wat telâne komt. Want wy kinne net hurd. In diskusje oer wêr't it stasjon yn Drachten komme moat sil langer duorje as de needsaak om de line oan te lizzen. Want dan kinne je al lang mei in drone fan Lelystêd nei Eelde."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)