'Snelheidsduvel' (18) moat rydbewiis nei fjouwer moannen alwer ynleverje

De plysje hat tiisdei it rydbewiis fan in 18-jierrige ynwenner fan De Fryske Marren ynnommen. De man ried fierstente hurd oer it Westein yn Eastersee en waard troch de plysje trappearre.
© Omrop Fryslân
Op de dyk is sechtich kilometer yn 'e oere tastien, mar de man ried goed 122 kilometer yn 'e oere. De 18-jierrige bestjoerder wie noch mar fjouwer moannen yn besit fan syn rydbewiis, mar moast it papierke alwer ôfstean oan de plysje.