Nije wachtromte op stasjon It Hearrenfean mei fergees wettertaappunt

Reizgers dy't op it stasjon fan It Hearrenfean wachtsje, kinne dat sûnt septimber al dwaan yn in nije wachtromte. De gemeente, ProRail en de NS iepenje woansdei offisjeel dy wachtromte en dêrnjonken ek in wettertaappunt, dêr't minsken fergees harren fleske folje kinne.
© Omrop Fryslân, Willem de Boer
It plak dêr't de nije wachtromte yn makke is, stie al in skoft leech. De stasjonsmanager fan It Hearrenfean woe dêr graach wat mei dwaan en dat idee waard oppakt troch de organisaasjes.
"Het is een ruimte geworden met banken, stoelen en tafels in leuke kleurtjes", fertelt Leonie Bosselaar fan de NS. "Het is helemaal geverfd van binnen. De wachtruimte is daarnaast verwarmd en er hangen reisinformatieschermen."

Positive reaksjes

It stasjon stie ûnder reizgers bekend as plak dêr't it wachtsjen nochal kâld wêze koe. Dat is no ferline tiid. "De wachtruimte is nu al vanaf september in gebruik en we krijgen een hoop positieve reacties."
Leonie Bosselaar fan de NS