Friezen stekke mei kop en skouders boppe rest fan Nederlân út

De Fryske man is mei in gemiddelde lingte fan 1,82 meter de langste fan Nederlân. Fryske froulju binne gemiddeld 1,69 meter lang en litte dêrmei ek de rest fan Nederlân efter harren. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) dy't woansdei ferskine.
It CBS oer de sifers:
Friezen lang
Limboargers en Brabanners binne de lytste minsken fan Nederlân. In gemiddelde Fryske man is 3,5 sintimeter grutter as in Limboarchske man. Ek yn Noard- en Súd-Hollân binne de ynwenners oan de lytse kant. Dat komt ûnder oare troch it gruttere oandiel fan minsken mei in migraasje-eftergrûn dat dêr wennet. Mar sels as sy bûten beskôging litten wurde, bliuwe Limboargers en Brabanners de lytste minsken fan ús lân.

Groeie

Nederlanners wurde hieltyd grutter. Tusken 1981 en 2018 is de Nederlânske man hast 4 sintimeter langer wurden en de frou 1,5 sintimeter. In kwart fan de Nederlânske manlju is tusken de 1,78 en 1,82 meter lang, dat is de grutste 'lingtegroep' ûnder manlju. By de froulju hat de grutste groep in lytsere lingte: goed 27 persint fan de Nederlânske froulju is tusken de 1,68 en 1,72 meter.
Yn ûndersteande diagrammen kinst sjen hoefolle Nederlanners oft dyn lingte ha:
Diagram manlju:
Diagram froulju:

Ek grouwer

De Nederlanners wurde neist langer foaral hieltyd grouwer. By manlju is in gewicht fan om de 100 kilo hinne al net mear seldsum. Hast 16 prosint fan de manlju fan Nederlân waacht 98 kilo of mear. Yn 1981 wie it gemiddeld 76,4 kilo en tsjintwurdich is dat leafst 85 kilo. In trochsneed Nederlânske frou waacht no 72 kilo, wylst dat yn 1981 noch 65 kilo wie.
Tanja Traag fan it CBS oer de langste minsken fan Nederlân