Plannen om Nij Ylostins te ferbouwen, mar eangst oer opstelling gemeente

De striid om wenfoarsjenning Nij Ylostins yn Drylts te behâlden wurdt hieltyd fûler. Nei't de advyskommisje Hûs en Hiem ferline wike útspruts om fan Nij Ylostins in gemeentlik monumint te meitsjen komt no ek in tal boargers yn aksje.
Joute de Graaf en Reinder Hoomans © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Joute de Graaf en Reinder Hoomans ha sels in plan skreaun om it kompleks op te knappen en te ferbouwen nei de moderne easken. Beide fine it plan fan Elkien om it te slopen net goed.

Benaud oer opstelling gemeente

Neffens de beide hearen is it offisjeel net dúdlik wat de gemeente Súdwest-Fryslân wol, mar binne se benaud dat de gemeente achter Elkien stiet. Dy soargen ha se nei eardere útspraken fan ferskillende wethâlders, seit Reinder Hoomans. "En dat makket ús allegear wol wat eangstich. We binne bang dat it al besletten is. Dy sinjalen krije we fan mear kanten, dat der twivels binne oer de gemeente."
Nij Ylostins © Omrop Fryslân, René Koster
Joute de Graaf is âld-arsjitekt en fynt dat it gebou ek in monumint wurde moat. Benammen de wize hoe't it boud is yn de jierren 70 sprekt him oan. It is ekonomysk ek rendabel om it te ferbouwen, seit er.

Protte argewaasje ûnder bewenners

Reinder Hoomans syn âlde mem wennet yn it kompleks. Neffens har is der in protte argewaasje ûnder de bewenners oer harren wentakomst.
Ferantwurdlik wethâlder Erik Faber hat noch gjin stânpunt ynnommen oer it advys fan Hûs en Hiem, seit de gemeente. "Het is nu eerst aan de ambtelijke organisatie om een reactie op dit advies voor te bereiden. Daar is nu het wachten op."
Joute de Graaf en Reinder Hoomans