Biblioteek Boalsert ferhuzet: 25.000 boeken nei de oare kant fan de strjitte

26 nov 2019 - 22:37

De biblioteek yn Boalsert ferhuzet. 25.000 boeken moatte fan de iene kant fan de strjitte nei de oare. En it is in grutte put om al dy boeken nei it âlde Rabobankgebou te ferhúzjen. Se binne der dizze wike mei dwaande: "Met z'n allen gaat het heel snel, dat valt het weer mee."

Der is ien probleem: de biblioteek komt úteinlik yn it stedhûs fan Boalsert, mar dat kin no noch net. "Dat loopt allemaal wat vertraging op. Het is geen kleinigheid om het gebouw klaar te maken. Want niet alleen de bibliotheek moet erin, maar ook de musea en de gemeente", seit Els van Wier.

Bûnte kjifkrobbe soarget foar mear problemen

En no binne der ek noch problemen mei de toer fan it stedhûs, dy't skea hat troch de bûnte kjifkrobbe. De restauraasje fan de toer kin wol in jier duorje, wêrtroch't de fertraging foar de biblioteek allinnich mar oprint. "We rekenen nu op nog anderhalf jaar."

Dy fertraging kin der noch wol by, want de ferhûsplannen binne ek al âld. "Er wordt al heel lang over gepraat, al zeker 20 jaar", seit Van Wier. Har kollega Tiny Kleiker is bliid dat it der lang om let oan sit te kommen. "Ik werk hier al bijna 25 jaar. Het is geweldig dat het eindelijk zo ver is, ik verheug me er erg op."

Earst yn de tydlike lokaasje

In diel fan it wurk is al dien. "We weten al precies waar de boeken straks terechtkomen. Maar ze moeten nog wel ingepakt worden in plastic. Dan worden ze allemaal naar de overkant gebracht, ook de tafels en de stoelen. Het uitpakken is ook een hele klus. Maandag moet alles er weer pico bello bijstaan." Dan dus yn de tydlike lokaasje, it âlde Rabobankgebou.

(advertinsje)
(advertinsje)