130.000 euro foar nij besikerssintrum Terp Hegebeintum

De stifting Terp Hegebeintum krijt 130.000 euro fan de provinsje foar in nij besikerssintrum. It hjoeddeistige sintrum is slim ferâldere, dêrom wol de stifting it gebou platsmite en in nij besikerssintrum bouwe.
It hjoeddeistige besikerssintrum © Google Maps
De earste tekeningen foar it besikerssintrum binne al makke, al wiene der wol wat soargen by de bewenners, fertelt foarsitter fan de stifting Rits van der Ploeg. "De earste tekening fûn it doarp net sa lekker. Wy ha no oan de winsken fan de doarpelingen foldien troch op itselde plak te bouwen. Woansdei begjint de arsjitekt mei de technyske details. Dêrby hâlde wy rekken mei de winsken fan de Hegebeintumers, ússels en ek ús frijwilligers."
Yn de perioade dat der gjin besikerssintrum is by de terp, rekkenet de stifting op help fan it doarp. "Der is in prachtich lokaaltsje, miskien dat wy dat hiere kinne foar in pear moanne. Fan dêrút soene wy de besikers ûntfange kinne. Mocht dat net slagje, dan moatte wy wat oars sykje, miskien yn de foarm fan in kontener."

Fûnsen

De totale kosten fan it nije sintrum lizze om de miljoen hinne. De helte dêrfan komt fan it Waadfûns en út ferskillende oare fûnsen is noch 100.000 euro ophelle. Dêrneist hopet de stifting op jild fan de gemeente, fertelt Van der Ploeg. "Dat jild kin brûkt wurde foar de omjouwing, want wy fine dat as der in nij sintrum komt, ek de bestrjitting en ferljochting oanpakt wurde moat."
Nei ferwachting kin de skeppe yn begjin 2020 de grûn yn.
Foarsitter Rits van der Ploeg oer it nije besikerssintrum