Wettersportfotograaf Coehoorn wint priis foar foto De Zes Gebroeders

26 nov 2019 - 21:55

Wettersportfotograaf Tom Coehoorn fan Snits hat in ynternasjonale fotopriis wûn foar in foto dy't er dit jier makke fan it skûtsje De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus. Dat skûtsje stie op omslaan op de Burgumer Mar. Op de foto is te sjen hoe't de bemanning mei alle macht besiket om dat foar te kommen.

"It wie in dei mei in soad hurde wynpûsten", seit Coehoorn oer de foto. "Ik seach dat de wyn wer tanaam op de mar en ik keas posysje efter it skûtsje. Doe't de wyn wer oanluts, sloech it skûtsje hast wer om. It lei in pear sekonden sawat stil. Troch al de ûnderfining fan skipper en syn bemanning koene se dochs fierder."

De organisaasje fan de fotopriis hie de foto fan Coehoorn mei sa'n 80 oare foto's op in longlist set. It publyk koe dêrnei in stim útbringe. De foto fan de Snitser krige 2.200 stimmen. De priis waard tiisdei bekend makke op it Yacht Racing Forum yn Bilbao, Spanje.

(advertinsje)
(advertinsje)