Sonja kocht in kopke foar 1 euro en feilde it foar hast 3.000 euro

26 nov 2019 - 21:48

Foar in pear euro wat keapje op in rommelmerk en dat blykt in hiel soad jild wurdich te wêzen. Dat barde Sonja Sijbesma fan Skalsum. Op keningsdei yn Frjentsjer kocht se in kopke dat no yn Londen feild is foar 2.400 pûn. "Ik sei: dat moat altyd wêze!"

Foto: Sonja Sijbesma

Sijbesma kaam it kopke oardel jier lyn dus tsjin om in rommelmerk. "Wat it wie wist ik net, mar ik fûn dat it in moaie kleur hie en in aparte foarm. It koste mar in euro, dus ik sei: ferkocht!"

Genôch rommel

It hie net folle skeeld oft se hiene it kopke noait hân. "Myn man sei dat we al genôch rommel hiene. Mar dat seit er no net wer! Ik hie al sjoen dat it fan sulver wie. Op it ynternet kaam ik derefter dat it in Russyske teeglêshâlder wie. Der sit in lang ear oan."

Online seach Sijbesma ek dat sokke dingen feild waarden. "En ik skrok fan de prizen. Dus ik ha ek aksje ûndernaam en sa kaam ik yn kontakt mei feilinghûs Christie's. Yn Londen siet in ekspert op it mêd fan Russysk sulver en dy wie entûsjast." Noch deselde dei krige Sijbesma in telefoantsje dat se it yn Londen feile woene.

Spannende feiling

"Yn augustus ha we it nei Amsterdam brocht en no ha se it yn Londen feild. Dat wie hartstikke spannend. Der stiene mear fan dat soart objekten. En dan sjochst de prizen. Guon dingen gongen wol fuort, oaren net. Hiel spannend." Uteinlik hat it kopke sa'n 2.400 pûn opsmiten, wat delkomt op 2.800 euro.

En no mar faker guod op 'e rommelmerk keapje? "We sitte wolris faker om ús hinne te sjen. Mar dat is in kâns fan ien op 'e hûndert. Dit is gewoan in hartstikke moai ferhaal."

Sonja Sijbesma oer de teeglêshâlder

(advertinsje)
(advertinsje)