Ek yn Fryslân jildt: oppasse foar Sina

26 nov 2019 - 21:10

Fryske bedriuwen moatte oppasse foar Sina. Dat wie it boadskip fan professor Rob de Wijk op in gearkomst foar Noard-Nederlânske ûndernimmers. It lân ynvestearret hieltyd mear yn it bûtenlân en dat bringt sawol kânsen as gefaren.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Sina wurdt hieltyd ynternasjonaler, fertelt De Wijk. "Het land heeft een hele bijzondere visie op de rest van de wereld en wil ook zijn economische banden met de rest van de wereld hard gaan aantrekken, door het 'Belt and Road Initiative', de Nieuwe Zijderoute."

Dat inisjatyf biedt kânsen foar Fryske ûndernimmers. "Als je weet dat China aan het nadenken is over grote economische zones die bijvoorbeeld van Rusland naar de Rotterdamse haven loopt, waarin wordt geïnvesteerd, dan betekent dat dat je daar ook een enorme winst uit kan halen omdat je veel meer naar China kan exporteren."

Rob de Wijk oer de gefaren fan Sina

Ofhinklik

De Wijk warskôget lykwols foar gefaren by hanneljen mei it lân. "Je wordt steeds meer afhankelijk van China en moet doen wat gezegd wordt. De vraag is of veel bedrijven daar op zitten te wachten." Foaral bedriuwen mei in fêstiging yn Sina rinne gefaar.

"Daar ga je nu een situatie krijgen dat volgend jaar een zogenaamd 'corporate social credit' systeem wordt geïntroduceerd, eigenlijk een systeem om te zorgen dat de bedrijven doen wat de overheid wil en waarbij bedrijven in zekere zin een verlengstuk worden van de politieke macht."

Ferslachjouwer Willem de Vries oer de gearkomste

Trefwurden: 
Sina hannel Rob de Wijk
(advertinsje)
(advertinsje)