Seis projekten krije jild om iensumens te bestriden

26 nov 2019 - 20:41

Seis projekten tsjin iensumens krije jild fan de gemeente Ljouwert en de organisaasje fan LF2028. Yn totaal giet it om 51.000 euro dat ferdield wurdt oer de seis projekten fan keunstners en oare kultuermakkers. De gemeente en LF2028 hie in oprop dien om iensumens te bestriden mei kulturele projekten.

Haakte tekkens wie in projekt dêr't in soad minsken oan meiwurken - Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert is ien fan de gemeenten dy't jild krijt fan it ministearje fan Folkssûnens tsjin iensumens. "Eenzaamheid kun je op een andere manier bestrijden dan alleen met beleid", seit LF2028-kertiermakker Sjoerd Bootsma. "Dus hebben we voorgesteld om kunstenaars en cultuurmakers met ideeën en projecten te laten komen."

Der wiene 29 projekten dy't har ynskreaun hiene, dêrfan binne der no seis útkeazen dy't in diel fan it beskikbere jild krije. Dy winners wurde yn in talkshow op Fair Saturday bekend makke. Trije projekten krije 12.000 euro. De rest wurdt ferdield oer de oare trije projekten.

Moai en betsjutting

Bootsma kin dus noch net sizze watfoar projekten wûn ha, mar wol dat it genôch nijsgjirrichs opsmiten hat. "Je ziet dat veel kunstenaars begaan zijn met onderwerpen zoals eenzaamheid. Ze maken niet alleen iets moois, maar ook met betekenis. Je krijgt projecten die niet per se over eenzaamheid gaan, maar over bijvoorbeeld liefde of buren. Als je wilt dat mensen hun deur uit gaan met een ander, moet je dat met aansprekende projecten doen."

(advertinsje)
(advertinsje)