Boargemaster Buma slút drugspân yn Ljouwert

26 nov 2019 - 18:45

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat tiisdei wer in wenning sletten fanwege drugs. It giet om in hûs oan it Kamgras. Yn juny hat de plysje de wenning al hielendal trochsocht, en doe waard der waard himp, in himpkwekerij en hasj oantroffen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fierder fûn de plysje in fjoerwapen, in soad jild en oare saken dy't wize op drugshannel. Ek is der fêststeld dat der in relaasje is tusken de wenning en in coffeeshop yn Ljouwert. De wenning oan it Kamgras is it 31ste hûs dat dit jier sletten wurdt troch de Ljouwerter boargemaster.

(advertinsje)
(advertinsje)