Twajierrige proef mei wetterstofbus tusken Grins, Drachten en Emmeloord

26 nov 2019 - 18:23

De provinsje Fryslân komt mei de provinsjes Grinslân en Flevolân mei in twajierrige proef om op de line 315 tusken Grins en Emmeloord, oer Drachten, in bus yn te setten dy't rydt op wetterstof.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Busferfierder Arriva sil de saneamde Q-liner ynsette yn 2021 en 2022. De bus kin mei 100 kilometer yn de oere oer de sneldyk hinne ride. Yn totaal kostet de proef 1,2 miljoen euro. Fryslân betellet goed 336.000 euro mei.

Andries Bakker yn petear mei deputearre Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)