Politike krisis op Malta om moardsaak sjoernaliste

26 nov 2019 - 17:42

De regearing fan Malta sit yn in djippe krisis troch resinte oanhâldingen oangeande de moard op de sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Har dea soarge yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 foar spanningen tusken Ljouwert en Valletta. De Malteeske haadstêd wie ferline jier ek Kulturele Haadstêd.

Foto: ANP

Caruana Galizia waard by in bomoanslach om it libben brocht. Se publisearre in soad oer korrupsje op Malta op har eigen blog en wie ek foar de oanslach al ferskate kearen bedrige. Regionale en lanlike politisy sprutsen har út tsjin korrupsje op Malta.

Ferline wike waard sakeman Yorgen Fenech oppakt fanwege belutsenheid by de dea fan Galizia. Hy besocht op dat stuit Malta te ferlitten mei syn boat. Caruana Galizia hie in ferhaal publisearre oer it bedriuw 17 Black Limited yn Dûbai, dat bannen ha soe mei Malteeske politisy. Fenech soe de eigener fan dat bedriuw west ha.

De minister fan Ekonomyske Saken op Malta sette himsels al op non-aktyf, omdat er heard waard yn de saak. No binne ek de stafsjef fan premier Joseph Muscat en de minister fan toerisme Konrad Mizzi opstapt.

Bannen Fryslân en Malta fersteurd

Yn it LF2018-jier wegere kultuerminister Owen Bonnici fan Malta kontakt mei deputearre Sietske Poepjes. Poepjes hie him frege om te praten oer de politike kommoasje op it eilân nei de moard op Caruana Galizia. Letter kaam Bonnici nei Fryslân ta om dochs te praten, mar de bannen waarden net better.

(advertinsje)
(advertinsje)