Fertochten earder opspoard troch plysje mei eigen Drachtster lab

26 nov 2019 - 16:52

Mei in eigen laboratoarium yn Drachten lost de plysje rapper saken op. In lange proseduere by it forinsysk ynstitút NFI is faak net mear nedich. "Het levert soms een tijdwinst op van zeven of acht weken. Dat betekent dat we sneller kunnen opsporen en bij een verdachte kunnen komen", seit Peter Velthuis, haad fan de forinsyske opspoaring.

Fertochten yn Noard-Nederlân wurde earder opspoard om't yn it Drachtster lab sûnt in jier drugs en DNA ûndersocht wurde kinne. It laboratoarium sit yn it plysjeburo dêr't ek de meldkeamer fêstige is. It bestiet út twa romtes. Yn de iene romte wurde hast alle dagen drugs binnenbrocht om fierder ûndersocht te wurden.

Laborant Daniel Takken hat al acht jier ûnderfining en sjocht gau om hokker drugs it giet. "Soms kom je nog wel verrassingen tegen. Stoffen die nog niet op de drugslijst staan, maar toch dezelfde werking hebben. Criminelen zijn tegenwoordig erg inventief."

Plysjelab Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Hilde Drenth is spesjalist op it mêd fan DNA. Se krijt fan alles binnen. "Je kunt het zo gek niet bedenken: wapens, messen, gereedschappen, etenswaren en laatst nog een gipsarm."

Skjin hâlde

DNA is wichtich by it oplossen fan saken. It laboratoarium wurdt dêrom ek goed skjin holden. "Om te voorkomen dat DNA van mij en collega's die in deze ruimte komen, vermengd wordt met het DNA op de sporendragers die door de recherche binnen worden gebracht."

De ûndersyksgegevens wurde yn in protte gefallen foar de lêste kontrôle nei it NFI stjoerd. Dêr wurde yn gefal fan moard en deaslach ek seksjes ferrjochte op lichems. Dat bart net yn Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)